Accell ferkeapet hieltyd mear e-fytsen yn it bûtenlân

17 nov 2015 - 08:55

Fytsefabryk Accell op It Hearrenfean profitearret fan de populariteit fan de elektryske fytsen. Benammen de ferkeapen yn it bûtenlân binne de lêste moannen omheech gien. Yn de Alpenlannen is sprake fan mear fraach nei e-mountainbikes.

It bedriuw ferwachtet hjirtroch foar de twadde helte fan dit jier in fierdere stiging fan de omset en de winst. Dat seit it bedriuw, bekend fan merken as Batavus, Sparta en Koga, yn in tuskentiids hannelsberjocht. Accell neamt gjin konkrete sifers.

Dêrneist is der hieltiid mear oandacht foar sûn libjen en sporten, wêrtroch it fytsen populêrder wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)