Accell docht goeie saken

21 feb 2014 - 09:52
  • Accell Group

Fytsefabrikant Accell fan It Hearrenfean hat ferline jier 10 prosint mear omset draaid. It bedriuw kaam út op in omset fan 849 miljoen euro. Benammen de ferkeap fan elektryske fytsen en de groei yn Noard-Amearika hawwe soarge foar de goeie resultaten.

Wol is de winst wat leger, want Accell hie it ôfrûne jier te krijen mei in reorganisaasje. Dat hat in soad jild koste. De fytsefabrikant ferwachtet takom jier op 'e nij in hegere omset, om't de ekonomy oanlûkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)