Accell buorket goed

23 jul 2008 - 10:13
  • ferkeap fan djoerdere fytsen nimt ta

Fytsefabrikant Accell op It Hearrenfean hat yn de earste helte fan dit jier goed buorke. It fabryk makket fytsen as Batavus en Koga Miyata en hat de ôfrûne seis moannen 20 persint mear winst makke yn ferliking mei deselde perioade ferline jier.

Der is in nettowinst helle fan 19,3 miljoen euro. Foaral de ferkeap fan de wat djoerdere fytsen soargje foar dat risseltaat. Ek de tanimmende oaljeprizen spylje in rol. De ympuls om in fyts te keapjen wurdt grutter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)