Accell buorke goed yn 2007

29 feb 2008 - 10:19

Fytsefabrikant Accell fan It Hearrenfean hat foarich jier goed tsien prosint mear omset draaid. It bedriuw mei de merken Batavus en Sparta profitearre û.o. fan de grutte fraach nei elektryske fytsen.

De omset fan Accell kaam út op 476 miljoen euro. De nettowinst wie krapoan 20 miljoen euro. In jier earder wie dat noch goed 18 miljoen euro. De winst foel doe leger út fanwege in boete fan de NMA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)