Accel wol Arnhems bedriuw ha

18 nov 2005 - 13:49

Fytsefabrikant Accel op it Hearrenfean wol de elektryske fytse-ôfdieling fan it Arnhemse bedriuw Antec oernimme. Accel hat in yntinsjeferklearring tekene om de aktiviteiten fan Antec mei yngong fan it nije jier oer te nimmen.

It giet om de besteande modellen elektryske fytsen. Accel nimt de foarried en ek in oantal meiwurkers oer. Der is gjin oernamebedrach bekind makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)