Accel fertocht fan priisôfspraak

12 sep 2000 - 17:48

Fytsefabryk Accel op It Hearrenfean wurdt fertocht fan priisôfspraken mei oare fabrikanten. De Nederlandse Mededingingsautoriteit (NMA) ûndersiket de saak, sa meldt it Financieel Dagblad.

Neffens de NMA hâlde de fabrikanten de ferkeapprizen fan fytsen keunstmjittich heech. Njonken Accel soene ek Gazelle, Union en Giant harren dêroan skuldich meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)