Accel buorket goed

13 jul 2001 - 00:00

De winst fan it fytsefabryk Accel op It Hearrenfean is mei goed fjirtich prosint tanommen yn de earste helte dit jier. Dat komt del op goed 5,5 miljoen gûne. De omset groeide mei fjouwer prosint nei in lytse 300 miljoen gûne.

It tal ferkochte fytsen naam lykwols ôf. De groei kaam troch dat der mear fraach wie nei djoerdere fytsen. Accel is it memmebedriuw fan Batavus en Koga Myata.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)