AC Milan traint earder

22 okt 2008 - 14:12
  • AC Milan te gast op Lauswolt
  • Moarn spilet Milan tsjin SC Hearrenfean

Om seis oere traine de Italjanen yn it Abe Lenstrastadion en net om healwei sânen lykas earder sein waard. De tagong is fergees. De seleksje fan AC Milan is woansdeitemiddei tsjin twaen oankaam op Lauswolt yn Beetstersweach. Foar de poarte fan it hotel stiene in lytse 30 fans te wachtsjen op in glimp fan de stjerren. De bus ried lykwols fuort troch, dus in hantekening siet der net yn.

Tongersdei spilet AC Milan tsjin Sportklub Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)