Absint mei wer ferkocht wurde

25 jul 2004 - 14:28

Absint wie altyd yn Ljouwert al te keap. De ferkeap fan it drankje wie hast in ieu lang ferbean. Absint, dat de griene fee neamd wurdt, mei sûnt dizze wike wer offisjeel ferkocht wurde.

Drankhannel Donker yn Ljouwet hie altyd al in pear flessen foar de leafhawwer, ek al mocht dat offisjeel net. It drankje wie sûnt 1909 ferbean om't der in hallusinearjende stof ynsit. Neffens de rjochter is dy wet achterhelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)