Abe stiet no op in sokkel

28 jul 2011 - 16:40

It byld fan Abe Lenstra dat foar it stadion fan SC Hearrenfean stiet, is op in sokkel delset. Abe-fan Folkert Popma hie syn nocht derfan dat it byld fan de legindaryske fuotballer hast net opfoel. Dêrom hat er de brûnzen Abe derwei helle, opknapt en tongersdeitemiddei weromset op in sokkel fan in lytse meter heech.

It byld fan Abe stiet der al sûnt de iepening fan it stadion yn 1994.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)