Abdomen wint Kleine Prijs van Fryslân

24 maaie 2015 - 12:40
  • Abdomen

De Ljouwerter grungeband Abdomen hat sneontejûn de Kleine Prijs van Fryslân wûn yn poppoadium Romein yn Ljouwert. It wie de lêste dei dat it poppoadium iepen wie.

Abdomen wie sûnder wildcard net troch de foarronde kaam, mar pleatste him yn de heale finale yn Snits streekrjocht foar de finale. Seis bands stienen yn de finale, de oare dielnimmers wienen singer-songwriters Mijke Eryng en Daan van Beijeren, hardcoreband Heartgrown, Wiebe Kaspers en postpunk-krautformaasje Lesbian Death Replica. De publykspriis wie foar Heartgrown.

De sjuery keas foar Abdomen fanwege har poadiumpresintaasje en frisse ynterpretaasje fan in sjenre dat oan it weromkommen is. De winner mei spylje op Eurosonic, Freeze, Befrijjingsfestival en de Sena PopNL Awards. De Kleine Prijs van Fryslân waard foar de 32ste kear hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)