ABD-wethâlder Braaksma oerlibbet moasje fan ôfkarring

18 des 2015 - 11:08
  • Pieter Braaksma, de fraksjefoarsitter fan Algemeen Belang Dongeradeel

Pieter Braaksma, de nije wethâlder fan Dongeradiel, krige tongersdeitejûn yn syn earste riedsfergadering fuortendaliks in moasje fan ôfkarring te ferwurkjen. Opposysjepartijen VVD, PvdA, ChristenUnie en Dongeradeel Sociaal tsjinnen de moasje yn. Se fine dat Braaksma net respektfol west hat nei syn kollega's doe't er noch riedslid wie.

Braaksma soe resintlik PvdA-riedslid Cootje Klinkenberg misledige ha. Hy fergelike har mei 'in lyts jong hûntsje, sa'n kefferke'. De opposysje fynt dat net passend by in riedslid of in wethâlder.

Koälysje stipet Braaksma

De moasje hat it net helle: koälysjepartijen CDA, FNP en Algemeen Belang Dongeradeel, de partij fan Braaksma, stipen it net.

Braaksma en Algemeen Belang Dongeradeel binne dizze moanne nij yn de koälysje en it kolleezje kaam, neidat de ChristenUnie derút stapte. Dy partij koe him net fine yn in ferlinging fan de proef mei keapsneinen yn Dokkum. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)