Abbemastate yn Grou opknapt

07 nov 2008 - 20:50

De karakteristike pleats Abbemastate yn Grou wurdt opknapt. De gemeente hat dêrfoar in oerienkomst sletten mei in projektûnwikkelder. Dy sil neist it opknappen ek fjouwer apperteminten yn de pleats meitsje.

Achter de pleats wurdt in gebou delset mei dêryn 14 apparteminten. Ek komme der 48 parkearplakken op it terrein om Abbemastate. Yn de oerienkomst stiet dat it wurk binnen seis moannen begjinne moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)