Abbegea hat eigen IFKS-skûtsje

11 apr 2009 - 16:17
  • It IFKS-skûtsje fan Abbegea

Abbegea sil takom jier meidwaan oan it IFKS-wedstriidsilen. In tal ynwenners rûn al jierren om mei it plan fan in doarpsskip. Sneontemiddei is it skûtsje út Parregea wei ophelle.

It wie it skûtsje fan Lolle Schakel mei de namme 'De Liefde'. It hjit no it Abbegeaster Skûtsje. De skipper wurdt Henk Frankena. Uteinlik wurdt it skûtsje ynsetten by de IFKS-kampioenskippen. De stifting dy't it skûtsje oanskaft, hâldt in donateursaksje om de kosten te beteljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)