AB Fryslân wreidet út

30 maaie 2007 - 12:35

It agraryske útsendburo AB Fryslân wol de kommende jierren groeie nei in omset fan 50 miljoen euro. It bedriuw is de lêste jierren yn omset al groeid fan 21 nei 35 miljoen.

AB wol breder wurde en útwreidzje nei oare sektoaren, lykas de bou en de grienfoarsjenning. De agraryske sektor bliuwt lykwols ien fan de spearpunten fan AB. Om de groei mooglik te meitsjen komt der in nij haadkantoar yn Snits, oan de takomstige A7.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)