AB Fryslân no 50 jier âld

08 jun 2009 - 12:30

Yn Aldeboarn is moandei stilstien by de oprjochting fan de koöperative boerehelptsjinst dy't útgroeid is ta it fyfde útstjoerburo fan Nederlân. Der binne no 12 fan sokke koöperaasjes yn Nederlân, mei-inoar goed foar 400 miljoen omset en 30.000 wurknimmers.

De oprjochting fan wat no AB Fryslân hjit, waard fierd mei it plantsjen fan in beam en de útjefte fan in jubileumboek. Yn Aldeboarn wie 50 jier lyn it suvelfabryk nau beslutsen by it ûntstean fan 'e boerehelptsjinst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)