AB Fryslân: ferlet fan minsken

09 feb 2007 - 10:27

Utstjoerburo AB_Fryslân begjint sneon in grutte wervingskampanje. It bedriuw siket 150 nije meiwurkers. Om dy te krijen wurde grutte advertinsjes yn de beide Fryske deiblêden set. Der sil ek reklame op bussen en bushaltes makke wurde.

It giet om de grutste wervingskampanje dy't AB_Fryslân oant no ta fierd hat. Neffens it bedriuw is de kampanje nedich omdat it hieltyd dreger wurdt om personiel te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)