AB Fryslân draait goed jier

21 jan 2009 - 22:06

Agrarysk útstjoerburo AB Fryslân hat yn 2008 goed draaid. It buro seach de omset mei seis prosint groeien. Dit is opmerklik omdat oare útstjoers-organisaasjes de lêste tiid hurde klappen krije. Ek it ûnderdiel advys en reyntegraasje is flink groeid.

De ferwachtings foar dit jier binne ûnwis. Wat wol opfalt is dat hieltyd mear boeren eigen personiel oanbiedt oan AB Fryslân. Hjirtroch bliuwe se yn de merk en wurde se net ûntslein. 3000 minsken wurken yn 2008 foar it bedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)