Aardich gefoel oer harksit fargeul It Amelân

10 jun 2015 - 16:51
  • Fearboat nei It Amelân

De harksit oer de fargeulproblematyk is neffens boargemaster Albert de Hoop fan It Amelân aardich ferrûn. It boadskip fan de eilanners is dúdlik oerkaam, fynt De Hoop. De Twadde Keamerleden moatte no beslute oft se in keamerdebat oanfreegje sille. Sa'n fyftich eilanners sieten fan 'e middei by de gearkomste yn de Twadde Keamer. Under oaren De Hoop en Ger van Langen, direkteur fan rederij Wagenborg, sprutsen yn by de harksit.

As it oan De Hoop en Van Langen leit, komt der dizze simmer noch in oplossing foar de ûndjippe fargeul.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)