Aardema (PVV) slacht arrestant

21 jan 2011 - 12:55
  • Max Aardema

De Fryske PVV-listlûker Max Aardema hat yn 2001, as plysjeman, in boeide arrestant slein. Dat wie yn Bakkefean. Likegoed wie dat foarfal dêr't Aardema doe in jildboete fan 200 euro foar krige, foar de PVV gjin oanlieding om him te wegerjen foar de list.

PVV-keamerlid André Elissen jout ta dat er wist fan de mishanneling. Krekt it feit dat Aardema dêr iepen yn wie, en it feit dat de korpslieding it by in boete liet, hat derfoar soarge dat Max Aardema listlûker wurde koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)