Aardema fuort by hynstestamboek

17 jan 2006 - 17:15

Bestjoerslid Lykele Aardema fan it Frysk Hynstestamboek leit syn funksje del. Hy fynt it te dreech om de nije bestjoersstruktuer dy't der by it stamboek komme moat foarm te jaan. Ek fynt er dat er tefolle ûnder tiidsdruk wurkje moat.

De oare bestjoersleden fine it spitich dat Aardema opstapt, mar ha der begryp foar. Syn funksje wurdt oant de ledegearkomste fan april oernaam troch Douwe Willemsma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)