'Aanst gjin kij mear bûten'

27 sep 2006 - 09:48

De molkepriis moat omheech, want oars stean der aanst gjin kij mear yn de Fryske greiden. Hieltyd mear boeren hâlde de bisten op stâl. Dat docht bliken út it jierlikse greide-ûndersyk fan de stifting 'Wakker Dier'.

Dat is makliker foar de boer en goedkeaper. Oarsaken binne de skaalfergrutting fan de bedriuwen, de opkomst fan de molkerobot en de hege wurknimmersleanen. Lânbou-organisaasje LTO wol dat der wat tsjin dien wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)