Aansichtkaart tsjin selsmoard

06 sep 2010 - 21:02
  • De GGZ stjoert ansichtkaarten om foar te kommen dat Friezen harsels tekoart dogge

De GGZ Fryslân set in nij middel yn om it oantal selsmoarden yn Fryslân te ferminderjen. Minsken dy't besocht ha harsels tekoart te dwaan en dy't dêrfoar behannele binne, krije in pear kear yn it jier in spesjale aansichtkaart fan de behanneler. Sa bliuwt der kontakt. By eventuele nije problemen kin de pasjint help krije.

Alle jierren dogge tusken de 60 en 70 Friezen harsels tekoart. De GGZ slút net út dat de aksje dat oantal nei ûnderen bringt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)