Aalberts bliuwt yn Dantumadiel

28 jan 2010 - 13:52
  • Boargemaster Arie Aalberts

As it oan de gemeenteried fan Dantumadeel leit, bliuwt Arie Aalberts ek de kommende seis jier boargemaster. De ried is unanym foar in werbeneaming fan Aalberts, dy't yn 2004 boargemaster waard. Aalberts hat sels ek oanjûn noch graach seis jier bliuwe te wollen.

It beslút fan de ried wurdt trochjûn oan de kommissaris fan de keninginne, dy't it wer foarlizze sil oan minister Guusje ter Horst fan ynlânske saken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)