Aalbers nij yn ried Ljouwert

06 okt 2014 - 19:20

Bauke Aalbers is moandeitejûn ynstallearre as riedslid foar PvdA yn Ljouwert. De Ljouwerter folget Britt Hendrix op, dy't har ferline wike weromlutsen hat út de ried yn ferbân mei har stúdzje. Aalber is dosint ferpleechkunde oan de NHL. Hy kriget ûnderwiis en jeugd yn portefúlje.

It nije riedslied stie al as fraksje-opfolger op de list yn de ôfrûne riedsperioade, mar om't alle riedsleden harren termyn úttsjinne hawwe, kaam er doe net yn de ried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)