Aaisykkontrôle docht fertuten

25 mrt 2010 - 15:05
  • Foto: Omrop Fryslân

De strangere kontrôle op ljipaaisykjen docht fertuten. De measte aaisikers hâlde har dit jier oan 'e regels. De provinsjale kontroleurs hawwe noch mar trije boetes útdield, tsjin goed tweintich it ôfrûne jier.

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten is ek tefreden oer de registraasje fan ljipaaien mei in sms. Earder fûnen benammen âldere aaisikers dat dreech. De teller stiet no op 4000 en der meie 5939 ljipaaien meinaam wurde. Der wurde sawat 1000 op in dei fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)