Aaisykjen wurdt net ferbean

15 okt 2003 - 00:00

De Fryske tradysje fan aaisykjen giet net ferlern. Faunabeskerming hie fjouwer jier lyn in klacht yntsjinne by de Europeeske Kommisje yn Brussel. Dy hat woansdei besletten dat aaisykje net yn striid is mei de Europeeske fûgelrjochtline.

De Faunabeskerming mient dat it aaisykjen en de neisoarch skealik binne foar de ljippepopulaasje. Dy klacht is no fan tafel. Deputearre Andriesen is tefreden mei de útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)