'Aaisykjen op Unesco-list'

08 mrt 2014 - 08:22
  • Ljipaai

It aaisykjen moat op de list fan kultureel erfguod komme fan Unesco. Dat fine de leden fan de BFVW. Freed stimden de leden op de jiergearkomste yn Earnewâld foar it nije beliedsplan dêr't de ambysje yn stiet. As it aaisykjen op de wrâlderfguodlist komt is de kâns grutter dat de tradysje yn de takomst bestean bliuwt, seit foarsitter Rendert Algra.

In oar opfallend punt yn it plan is dat de BFVW mear jongerein by de feriening ha wol. Hjirfoar soene by alle fûgelwachten saneamde jeugdkontaktpersoanen oansteld wurde moatte, seit Algra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)