Aaisykjen mei trochgean

26 feb 2013 - 15:17
  • In broedsje ljipaaien

It ljipaaisykjen mei trochgean om de rjochter. Dat is de útkomst fan in rjochtsaak dy't oanspand wie troch Faunabeskerming tsjin de fergunning fan de provinsje. Aaisykjen mei net yn Nederlân, allinnich wol yn Fryslân dêr't de provinsje in ûntheffing foar jout.

Faunabeskerming fjochte dy ûntheffing oan foar de rjochter. Fûgelbiolooch Theunis Piersma stiet achter Faunabeskerming. Hy fynt dat it aaisykjen min is foar de ljippestân.

Mar de rjochter is fan betinken dat de metoade dêr't it maksimaal tal aaien mei berekkene wurdt dat aaisikers meinimme kinne sûnder dat de ljippestân yn gefaar komt, goed wurket. Dêrom mei it aaisykjen wol trochgean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)