Aaisykje: net wrâlderfgoedlist

25 apr 2012 - 13:59
  • In broedsje ljipaaien

It sykjen fan ljipaaien komt net op de Wrâlderfgoedlist te stean. Dat hat steatssiktaris Henk Bleker woansdei bekend makke, nei oanlieding fan fragen fan de Partij voor de Dieren. Neffens Bleker hat Nederlân net de mooglikheid om ymmateriële saken op de Wrâlderfgoedlist te setten. Hy erkent wol dat it tal ljippen weromrint, mar neffens him wurdt dêr by it jaan fan tastimming foar it sykjen fan ljipaaien al rekken mei hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)