Aaisykje mei wer ûnder betingst

01 mrt 2002 - 00:00

Fan freed ôf meie der wer ljipaaien socht wurde. De ljipaaisikers hawwe dit jier foar it earst in saneamde neisoarchpas nedich. It BFVW, it bûn fan Fryske fûgelwachten, hat dy pas dit jier ferplichte steld.

Alle aaisikers moatte no by de fûgelwacht ynskreaun stean. Ferline jier soe de pas al ynfierd wurde, mar doe mocht fanwege de tongblier net socht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)