Aaisykje mei fan Verburg

17 aug 2007 - 13:53

Minister Verburg fan lânbou en natuer fielt neat foar it ferbieden fan it aaisykjen. Dat docht bliken út de antwurden fan de minister op fragen fan de Partij voor de Dieren. Dy partij wol dat de fergunnings ynlutsen wurde, omdat aaisikers folle mear aaien meinimme soene as tastien.

De provinsje Fryslân en it ryk nimme genôch maatregels om de ljip te beskermjen, skriuwt minister Verburg yn har antwurd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)