Aaisykje mei ek yn 2008

01 aug 2007 - 11:15
  • It aaisykje kin trochgean, seit de rjochter
  • De flagge gie út by guon aaisikers

It ljipaaisykjen yn Fryslân kin gewoan trochgean. De rjochter hat de beswieren fan de Faunabeskerming woansdei 'ongegrond' ferklearre. Dat betsjut dat de provinsje terjochte in ûntheffing ôfjûn hat. Yn dy ûntheffing stiet dat aaisikers op syn meast 15 aaien meinimme meie en dat it seizoen op 1 april ôfrint.

De faunabeskerming makke beswier omdat neffens dy organisaasje tefolle aaien meinommen wurde út it lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)