Aaisyk-kontroleurs op paad

13 mrt 2009 - 14:02
  • Kontroleur Muller besjocht de papieren fan in aaisiker yn it fjild by Oentsjerk

Fjouwer kontroleurs fan de provinsje Fryslân strune dizze dagen troch de fjilden. Se binne op syk nei minsken dy't sûnder pas en mobile telefoan ljipaaien sykje en meinimme. Dêr steane boetes op fan op syn minst 130 euro. Warskôgings wurde net jûn.

De kontroleurs hawwe dit seizoen oant no ta trije bekeurings jûn. Foar it gefal dat dat nedich is binne de manlju útrist mei wapenstok, hânboeien en pepperspray.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)