Aaisikersseizoen foarby

12 mrt 2009 - 13:24
  • Proef-smskes telle mei as in echt ljipaai

Noch net ien kear it lân yn west en no al it maksimale oantal fan 15 ljipaaien berikt. Dat oerkaam in lid fan it BFVW. De man soe tongersdeitemiddei te aaisykjen en woe earst efkes oefenje mei it sms-en. Mar dat gong sa faak 'ferkeard' dat hy no al oan syn kwotum fan 15 aaien sit.

It bestjoer fan it BFVW lit witte dat se it net weromdraaie kinne. Dat betsjut dat foar dizze aaisiker offisjeel it seizoen al oer is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)