Aaisikersmonumint yn Tersoal

13 des 2005 - 20:10

Tersoal krijt in aaisikersmonumint. It giet om in inisjatyf fan aaisikersclub Ald Hij. It monumint komt oan de râne fan it doarp te stean en wurdt fjouwer meter heech. As it aaisykjen tenei noait mear mei, kin it in monumint foar alle aaisikers wurde.

It monumint wurdt op 18 maart ûntbleate. Ald Hij fiert op sneon 22 april it 100-jierrich bestean. Dan komt ek in boek út oer de skiednis fan it aaisykjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)