Aaisikers yn grutte spanning

01 mrt 2012 - 10:02
  • Ljip

It is tongersdei in spannende dei foar aaisikers yn ús provinsje. De Raad van State yn Den Haach docht middeis útspraak oer it ljipaaisykjen yn Fryslân. Ynset is in ferbod op it sykjen, oanspand troch de Faunabeskerming. Dy wol witte oft it aaisykjen no wol of net skealik is foar de ljip. Se wolle ek witte oft it yn striid is mei de Europeeske of Nederlânske wetjouwing.

Twa eardere rjochtsaken hjiroer by de rjochtbank en it gerjochtshôf binne ferlern troch de Faunabeskerming.

Op 1 maart is ek de offisjele perioade begong dat nei aaien socht wurde mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)