Aaisikers op de bon

29 mrt 2004 - 00:00

De wetterplysje hat dit wykein trije aaisikers op de bon slingere, om't se gjin aaisikerskaart en neisoarchpas by harren hiene. In fjirde aaisiker krige fan de plysje noch de gelegenheid in kopy fan syn kaart op te stjoeren, want ek hy hie de kaart net by him.

De kontrôles waarden hâlden yn it Noorderleech en by de Lauwersmar. Twa angelders waarden ek pakt. Sy fisken mei libben aas en dat is ferbean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)