Aaisikers net yn de fout

24 mrt 2011 - 16:02
  • Foto: Omrop Fryslân

Aaisikers lykje harren goed te hâlden oan alle regleminten by it ljipaaisykjen. Der binne oant no ta noch net folle boeten útskreaun. De plysje docht de kontrôle fan it aaisykjen. Kontroleurs binne dizze wike op 'en paad om te sjen oft de aaisikers harren oan 'e regels hâlde.

As in ljipaai fûn wurdt, moat dat earst melden wurde mei in sms. Dan pas mei it aai meinaam wurde. Der binne oant no ta 2300 ljipaaien fûn en in lytse 6000 is it maksimum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)