Aaisikers negearje ferbod

20 mrt 2005 - 08:46

Ljipaaisikers moatte gewoan it lân yn en aaien meinimme. Dat waard freed dúdlik op in aksjegearkomste yn Jirnsum. De aaisikers binne lilk op it ferbod dat dizze wike troch de rjochter útfeardige is.

De 150 lilke aaisikers wolle it oankomme litte op in proefproses. Se fine dat it Bûn fan Fryske Fûgelwachten te laks is yn dizze saak. De hoop is dat it BFVW achter dizze aksje fan boargerlike ûngehoarsumens stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)