"Aaisikers, kom nei Ljouwert"

04 mrt 2006 - 17:45

Alle ljipaaisikers yn Fryslân wurde oproppen nije wike nei Ljouwert te kommen. Op woansdei 8 maart bûcht de rjochter him oer it fersyk fan de Faunabeskerming om it ljipaaisykjen te ferbieden. Foarsitter Osinga fan it BFVW die de oprop freed yn de jierlikse ledefergadering fan it bûn. De rjochtbank hat witte litten dat der uterlik 17 maart in útspraak leit.

De BFVW-leden binne akkoart gien mei de betingsten fan de aaisyk-ûntheffing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)