Aaisiker yn heger berop: boete

19 nov 2010 - 15:30
  • Argyffoto Omrop Fryslân

In aaisiker út Hurdegaryp is yn heger berop feroardiele ta 210 euro boete. Hy wie twa jier ferlyn foar healwei fiven middeis oan it aaisykjen yn in guozzegedoochgebiet. Soks mei pas nei healwei fiven. De boete is ek foar it meinimmen en it út lulkens fernielen fan in aai nei de arrestaasje.

De man sei net te witten dat er yn in guozzegedoochgebiet wie. Der stiene gjin buorden. It Hôf fynt dat er op 'e webside fan 'e provinsje sjen moatten hie, want dêr stean kaarten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)