Aaisiker op 'e bon

23 mrt 2012 - 19:55

De plysje hat freed by in kontrôle fan aaisikers ien bekeuring útdield. Dy gie nei in aaisiker dy't gjin aaisikerspas hie.

De kontrôle waard hâlden yn de gemeenten Weststellingwerf, Lemsterlân en Skarsterlân. Neist de plysje die der ek in hânhâlder fan de gemeente oan mei. In twadde aaisiker sûnder pas krige gjin bekeuring omdat hy thús wol in pas hie. De oare njoggentjin kontrolearde aaisikers foldiene wol oan de regels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)