Aaisiker giet yn berop

01 feb 2010 - 17:16

De 43-jierrige Hurdegarypster giet yn berop tsjin syn feroardieling foar ljipaaisykjen yn guozzegedoochgebiet. Hy krige dêrfoar in jildboete. Yn sa'n gebiet meie jo sykje fan healwei fiven middeis oant de sinne ûndergiet.

Om te witten oft in stik lân gedoochgebiet is moatte je sjen op in kaart op ynternet. Neffens de Hurdegarypster is dy kaart ûndúdlik en allinnich te sjen op de side fan de provinsje. Neffens advokaat Tsjalling van der Goot doocht dy regel net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)