Aairôvers aktyf by Warkum

06 maaie 2005 - 13:59

Ut in stik boulân by Warkum binne in grut tal aaien rôve fan greidfûgels. De jeugdfûgelwacht fan Warkum is belutsen by de neisoarch yn dat gebiet en hat ûnderwilens oanjefte dien by de plysje. Dy hat de rôverij no yn ûndersyk.

Der binne net allinnich mar nêsten fan greidfûgels leechhelle. De dieven ha ek in soad fûgelhûskes fernield. De jeugdfûgelwacht hopet dat de plysje de fandalen gau fine sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)