Aaipop no al útferkocht

06 apr 2004 - 00:00

De santjinde edysje fan Aaipop is no al útferkocht. Aaipop, it Frysktalige popfestival, wurdt tradisjoneel altyd op twadde peaskedei yn Nijlân holden. It is foar it earst dat de 2000 kaarten foar Aaipop al in wike fan te foaren fuort binne.

Bysûnder oan dizze edysje fan Aaipop is dat De Kast ien fan syn lêste optredens jout en dat de Feetwarmers in folslein Biltstalich repertoire oer it fuotljocht bringe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)