Aaien ynintsje tsjin nêstrôf

29 jan 2005 - 13:10

Op it greidefûgelsintrum Nij Bosma Zathe yn Goutum is wat nijs betocht om roeken wei te hâlden by ljip- en skries-aaien. Troch in part fan de aaien yn te spuitsjen mei in stof dêr't de roek mislik fan wurdt, wolle de ûndersikers de nêstrôvers leare om fan de aaien ôf te bliuwen.

It is noch net wis oft it wittenskiplik ûndersyk al dizze maaitiid út ein sette kin, seit Van Marum fan it greidefûgelsintrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)