Aaien nei Frysk Natuermuseum

16 jul 2004 - 11:37

In grutte kolleksje aaien dy't begjin dizze maityd yn beslach nommen is yn de omkriten fan Harns, krijt in plakje yn it Frysk Natuermuseum yn Ljouwert. It giet om goed 1300 aaien, wêrûnder aaien fan seldsume fûgels lykas de see-earn, de kuorhin en de reade reager.

De kolleksje wie by inoar socht troch twa Friezen fan 39 en 40 jier. Se waarden by in strûptocht yn Spanje betrape troch de plysje. Dy tipte wer de AID. De aaien wurde net útstald.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)