Aaien Dongeradiel en Opsterlân

17 mrt 2011 - 15:00
  • Argyffoto Omrop Fryslân

Wiebe Hendrik Bijlsma út De Falom hat yn in greide yn de Brantgumermieden, tusken Brantgum en Raard it earste ljipaai fan de gemeente Dongeradiel fûn. De 66-jierrige Bijlsma fûn it aai om tsien foar tolven. Yn Opsterlân is ek it earste ljipaai fûn. De 61-jierrige Ouwe Kooistra fan De Gordyk is de lokkige finer. Hy fûn it aai yn in greide by de Kromten yn De Gordyk.

Beide aaien wurde tongersdei oanbean oan de boargemasters fan 'e gemeenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)