Aafke Soet achtste op WK

22 sep 2014 - 21:22
  • Aafke Soet op it WK
  • Aafke Soet: skjin oanien

Aafke Soet is yn it Spaanske Ponferrada achtste wurden op it WK tiidriden by de junioaren. It 16-jierrige talint op redens en op de fyts fan It Hearrenfean hie 28 sekonden langer wurk oer de 13,9 kilometer as de Australise winneres Macey Stewart. It sulver wie foar de Deense Pernille Mathiesen, Anna-Leeza Hull fan Australië pakte yn in wiet Ponferrada it brûns. Earder dit jier waard Aafke Soet Nederlânsk en Europeesk kampioen tiidriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)